Akteurs socht foar lokaasjefoarstelling Eritreatown

Stichting Haring & Hummus siket akteurs dy't meiwurkje wolle oan de lokaasjefoarstelling Eritreatown. Yn dy foarstelling, dêr't Eritreeske en Nederlânske akteurs oan meiwurkje, stiet de Eritreeske kultuer yn Ljouwert sintraal.
Akteurs fan it projekt Eritreatown © Facebook Haring & Hummus
It stik sil tusken 9 en 19 novimber opfierd wurde yn de Ljouwerter Oosterstraat. Om meidwaan te kinnen moatte minsken tusken septimber en novimber op moandeitejûn beskikber wêze om te repetearjen. De repetysjes fine plak by Tryater en letter op lokaasje. Underfining is handich, mar is gjin fereaske. Op de webside fan Haring & Hummus is alle ynformaasje oer Eritreatown te finen.