Resinsje: Aida: wrâldprestaasje yn Spangea

25 jul 2018 - 20:07

Ljouwert-Fryslân is Kulturele Haadstêd fan Europa en dus stiet ús provinsje yn 2018 bol fan de kulturele eveneminten. Toaniel, teäter, muzyk, festivals en gean mar troch, it kin net op. Dêrom stjoere we ús omroppers nei ferskate fan dizze foarstellingen ta as resinsint.

Wa bisto?

Feije van der Meer

Wat is dyn funksje by Omrop Fryslân?

Berneprogrammamakker

Wat hasto mei kultuer?

In echte leafhawwer, kultuer ferbynt

Wêr hast hinne west?

Opera Aida yn Spangea

Hoefolle stjerren?

4

Foto: Aida

Under tropyske omstannichheden wie tiisdeitejûn de premjêre fan Aida yn Spangea en it wie geweldich wat se dêr prestearren mei dy hjitte. Fol passy en enerzjy, mei in soad klean bytiden om 'e hûd, waard der songen en spile sadat it in lust foar each en ear wie om der nei te sjen en te hearren. En it wie neffens my as 'leek' fan in hiel heech nivo. Ik ha gjin inkelde misser yn muzyk, sang of spul ûntdekke kinnen.

It dekôr seach der yn al syn ienfâld prachtich út, hiel funksjoneel ek, en de filmbylden op en yn it dekôr diene harren wurk treflik! Dêr waarden ek moaie grapkes mei úthelle, sa as twa spilers ferdwine sjongendewei troch in doar it dekôr út, en krekt op dat momint stappe se de film yn en sjonge en rinne sûnder problemen fierder en as se dan troch in oare doar it poadium wer opstappe, ferdwine se wer út de film sûnder ek mar ien skokje. Wat in timing is dêr foar nedich!

Foto: Aida

In klassiker yn in aktueel jaske ha se der yn Spangea fan makke. In multymediale-opera. In opera oer oarloch, haat, leafde en genede. Yn Giuseppe Verdi's masterwurk komt leafde yn konflikt mei oarloch. Mar it ferhaal fan Aida is by de measten wol bekend, nim ik oan. Hy hat it makke yn 1871, mar it is noch like aktueel as wat, mei al dy konflikten yn Syrië, Jemen en Nigearia.

Yn dizze foarstelling bestiet 'privacy' net. Yn eltse keamer hinget in kamera dy't keppele is oan in telefyzjestjoerder. Alles is iepenbier. Yn de foarm dy't keazen is, giet de balâns tusken werklikheid en firtualiteit goed yn elkoar oer, krekt as somtiden yn it gewoane hjoeddeiske libben. De projeksjes geane like maklik fan groulike oarlochsbylden oer nei de sliepkeamers fan de personaazjes. Dat wurket betiden hiel konfrontearjend!

Foto: Aida

Sa as ik al earder sei, in prachtige foarstelling, mar ooh wat wie it waarm yn dy tinte! Yn earste ynstânsje hienen wy ferwachte dat it yn de bûtenloft wêze soe, mar dat wie dus in misrekken. It wie yn in folslein ôfsletten tinte, mei airco, dat dan wol wer. Mar dy airco gie pas oan neffens my doe 't elk al siet. Dat is fierstente let! De mefrou foar my koe it net sittende hâlde en hat it grutste part mei de holle by har man op 'e skoat lein, omdat se net goed waard fan de waarmte. Dit komt de konsintraasje net te goede fansels. Foar it skoft wie it foar my en oaren mear oerlibje, as echt genietsje kinne, nettsjinsteande de prachtige sang en muzyk. Dat wie hiel spitich fansels. Yn de twadde helte wie it lokkich in stik better.

Of de tinte hielendal iependwaan en in healoere letter begjinne, dan kin it troch waaie, of de airco folle earder oan, sadat je yn in koelere tinte komme, soe ik as tip meijaan wolle. Fierder mear as hulde en respekt foar alle meiwurkers dy't dêr yn harren tintsje of caravan sliepe moatte. It applaus oan de ein fan de foarstelling sei genôch oer hoe't de minsken it belibbe ha. Der kaam gjin ein oan!

Foto: Aida

Meiwurkers: Maribeth Diggle (Aida), Eva Kroon (Amneris), Tao Tong (Radames), Sinan Vural (Ramfis), Marcel van Dieren (Amonasro), Peter Michailov (II RE) e.o., Filharmonie Noord o.l.v. Tjalling Wijnstra, Corina van Eijk (rezjy).

Sjoen op tiisdei 24 july yn Spangea en it wie útferkocht. Der wurdt noch spile op 26, 28 en 31 july en op 2, 4, 7, 9, 11 en 13 augustus. Mear ynformaasje is te finen op www.operaspanga.nl.

(advertinsje)
(advertinsje)