De 55+ PC yn Balk: "It is in grut sukses"

25 jul 2018 - 18:20

Foar de tweintichste kear wurdt dit jier de 55+ PC keatst yn Balk. Siep Berkepas hat it jierrenlyn oprjochte, om't der gjin keatswedstriden organisearre wurde troch de KNKB foar âlderein. "En it is in grut sukses. Alle jierren dogge der in soad minsken oan mei. Dit jier ek sa'n lytse hûndert."

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

De 55+ PC hat wol oare gewoanten as de gewoane PC. Sa betsjut de ôfkoarting net itselde. "Fan de KNKB mocht de 55+ wedstriid net 'PC' yn de namme hawwe, om't it gjin offisjele wedstriid is", seit Berkenpas. "PC betsjut dêrom by ús Promotie Club en dan hawwe wy ek noch yn lytse letters Friese Kaatsclub der ûnder set. Sa mocht it wol."

Ek komme net de winners fan it jier dêrfoar mei hynder en wein op it fjild, mar gean de winners nei de priisútrikking mei in treintsje troch it doarp.

Siep Berkepas

Berkepas is op de basisskoalle begûn mei keatsen. "As it pauze wie, draafde ik sa hurd mooglik nei de perken foar it moaiste plakje." Sa is de leafde begûn en no is er al fyftich jier lid fan de keatsferiening. Ek syn frou is gek fan keatsen. "Se sit al 35 jier by de feriening en docht altyd it iten en drinken foar de leden."

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Om't se beide sa belutsen binne by it keatsen, hawwe se ek al fjirtich jier net op fakânsje west. Mar dêr komt no in ein oan. Dit wurdt de lêste 55+ PC dy't Berkenpas organisearret. "Ik fyn dat de jeugd it oernimmen moat. Ik stean sels al mei ien foet yn it grêf, mar ik bin no noch gewoan fit genôch om it stokje troch te jaan."

Trefwurden: 
keatsen Balk 55+ PC
(advertinsje)