Ien persoan slim ferwûne by eksploazje yn patatkream Stiens

25 jul 2018 - 17:50

Meardere helptsjinsten binne niiskrekt útriden nei Stiens, dêr't in eksploazje wie yn de patatkream Anna's Patat oan de Uniawei.

De brânwacht hat de brân yntusken ûnder kontrôle. Der binne gjin persoanen mear yn de patatkream. By de eksploazje is ien persoan slim ferwûne rekke. Dy hat brânwûnen.

Anna's Patat yn Stiens - Foto: BTBfotografie

Wêrtroch't de eksploazje krekt ûntstie, is noch net bekend.

De mûne, dy't ticht by de patatkream stie, hat gjin skea oprûn.

Jan Willem Zwart fan de brânwacht

Trefwurden: 
eksploazje Stiens patatkream
(advertinsje)