Auto oer de kop yn sleat njonken A7 by De Jouwer

25 jul 2018 - 17:00

In auto is woansdeitemiddei oer de kop yn in sleat bedarre. Dat barde yn de bocht fan de A7 by De Jouwer yn de rjochting fan Snits.

Foto: BTBfotografie

By it ûngelok rekke de bestjoerder fan de auto ferwûne. Dy wurdt behannele yn in ambulânse.

In bergingsbedriuw woe de auto fuorthelje, mar dat slagge net direkt. It bedriuw moast wachtsje oant der in bergingsauto mei in kraan wie.

Trefwurden: 
A7 De Jouwer auto-ûngelok
(advertinsje)
(advertinsje)