Senario fan oanstutsen boskbrân Appelskea liket hieltyd realistysker

It liket der hieltyd mear op dat de boskbrân tiisdeitejûn oan de Sanatoriumwei yn Appelskea oanstutsen is. Dat seit de plysje, nei't woansdei de technyske resjerzje ûndersyk dien hat. Dat ûndersyk is noch hieltyd dwaande.
© De Vries Media
It senario fan brânstichting wurdt hieltyd realistysker, benammen om't der meardere brânkearnen wiene. De brânwacht skaalde tiisdeitejûn op nei in grutte brân. Om it fjoer út te meitsjen, wiene seis brânwachtauto's oproppen. Om healwei njoggenen tiisdeitejûn wie it fjoer ûnder kontrôle.

Wat sjoen?

De plysje freget minsken dy't mear witte oer de brân kontakt op te nimmen fia 0900-8844.