Mega Vrije Piraten Festival fan Feankleaster nei Quatrebras

25 jul 2018 - 15:35

It Mega Vrije Piraten Festival yn Feankleaster giet nei in oare lokaasje. It festival is sa populêr dat it net mear yn Feankleaster kin. Nei oerlis mei de ferskate gemeenten is besletten it festival, dat op 15 desimber is, no yn in ferwaarme feesttinte by Quatrebras hâlden wurde sil. De feiligens is dan better garandearre.

De besikers dy't rekkene hiene op Feankleaster, kinne foar trije euro in retoerticket keapje om fan Feankleaster nei Quatrebras te gean. It evenemint is hast útferkocht.

(advertinsje)
(advertinsje)