Nettsjinsteande hjitte giet jubileumedysje 55+ PC troch

25 jul 2018 - 15:26

24 partoeren mei 55-plussers stride yn Balk om de prizen fan de 55+ PC. Foar de 20ste kear wurdt de wedstriid organisearre op it fjild fan keatsferiening Cannegieter fan Balk.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

De organisaasje hat noch twivele om de wedstriid wol trochgean te litten, seit foarsitter Rene Anema: "Der is in nasjonaal hjitteplan. Mar it giet hjir om in jubileumedysje. Boppedat hâlde we de dielnimmers goed yn de gaten en is der genôch wetter." By de boppe stean wetterfleskes en ek de dielnimmers hâlde inoar goed yn de gaten.

Hjitteplan yn it laat

Yn it nasjonale hjitteplan wurdt benammen frege goed te letten op de âlderein. Dy moatte genôch drinke en har net te drok meitsje. It plan liket hjir yn in laat te lizzen. De manlju op it fjild binne bloedfanatyk. Se drave en meitsje sels slidings om ballen te pakken. Anema: "Ja, dat ha je mei dizze groep. Se sizze dat se it rêstich oan dogge mar yntusken fleane se oer it fjild."

De dielnimmers sels hearst kwealik: "Ach ja, it is waarm. We meitsje ús mar net al te drok." Hoe't him dat ferhâldt ta it fanatisme op it fjild. "Je wolle al winne fansels. En dit is foar ús al in fersnelling leger, haha."

Trefwurden: 
keatsen Balk 55+ PC
(advertinsje)