Ard de Graaf oer Cambuurstadion: "Het zijn heel spannende momenten geweest"

25 jul 2018 - 15:21

"Een flinke stap in de goede richting." Sa neamt Cambuur-direkteur Ard de Graaf de tasizzing fan Friese Poort. It opliedingssintrum hat oanjûn mei te wurkjen oan de ûntwikkeling fan it Cambuurstadion. Grien ljocht dus. En Friese Poort hat garânsjes krigen fan alle partijen.

Ard de Graaf - Foto: www.dijksfotografie.nl

Sa liket de wei iepen om te starten mei de bou en is de opluchting grut by Cambuur-direkteur Ard de Graaf. "Het zijn spannende dagen geweest. Je focust je steeds op de eerstvolgende horde en dit was een heel belangrijke." Belangryk, omdat Friese Poort in grutte partij is: "Een grote afnemer van vierkante meters, dus dat levert ook veel geld op. Daar staat en valt de businesscase van het hele gebied en dus het stadion mee. Daarom is dit cruciaal".

De reaksje fan Ard de Graaf

Jaap van Bruggen fan ROC Friese Poort ûnderskriuwt dat: "As dizze stap net setten wie, dan wisten we seker dat it stadion der net kaam." Eins soe Friese Poort ôfrûne freed al útslútsel jaan. "In hiel soad partijen binne anneks mei de ûntwikkeling fan it gebiet. In pear wike lyn wie de ôfstimming tusken dy partijen net ideaal. Doe hienen wy der minder fertrouwen yn dat alles wol op 1 july 2021 klear wêze soe. Dêrom woenen we neiere garânsjes. Dy ha we no krigen."

De earste peal kin no noch net direkt de grûn yn. Dêrfoar moatte earst noch oare stappen set wurde. De Graaf docht in opsomming: "De politieke besluitvorming op planologische zaken, dan een bestemmingsplan maken en aanvragen, waar mensen op kunnen reageren. Daarna kunnen we een omgevingsvergunning aanvragen. Al die stappen zijn opgenomen in de planning."

Skoalgebou te âld

De Graaf is fansels fral bliid dat syn fuotbalklup in nij ûnderkommen krijt. Van Bruggen giet it om de húsfesting fan syn skoalle: "Wy wolle in goed ûnderdak foar ús dosinten en studinten. It gebou dat we no ha is foar in grut diel te âld. We ha bygelyks gjin fentilaasje. Dat kin beslist net mear." Ek de nije lokaasje is foar Friese Poort belangryk. "Benammen de opliedingen Handel & Economie wolle we yn de praktyk ha. Dêrom wolle we ek fysyk tusken de bedriuwen sitte."

It stadion moat healwei 2021 klear wêze. De Graaf hat der fertrouwen yn. "Dat heb ik altijd gehad, maar dat is nu alleen maar sterker geworden. Het zijn heel spannende momenten geweest, dus het is deels ook opluchting.''

Reaksje Henk Deinum

Wethâlder Henk Deinum van Ljouwert is ek wiis mei de stap fan Friese Poort: "Hiel moai dat alle partijen har stjonkende bêst dogge om hjir in plak te meitsjen dêr't talentûntwikkeling, sport, ûntspanning en ûndernimmerskip elkoar fersterkje. De stap dy't Friesche Poort no set, is essinsjeel en jout fertrouwen dat dizze yngewikkelde gebietsûntwikkeling in súkses wurde kin."

(advertinsje)