Beslútfoarming Thialf moat rap

05 nov 2011 - 09:01

De polityk moat mei faasje oan de slach mei de nije plannen foar Thialf. Dat seit boargemaster Van der Zwan fan It Hearrenfean. Freed makke de KNSB bekend dat yn 2014 in nij of fernijd Thialf stean moat op It Hearrenfean. Oars kinne de Nederlânske reedriders har net optimaal tariede, seit it bûn, en dan sjocht it miskien om him hinne nei in oare thúsbaan. De waskôging is oanlieding foar Van der Zwan om op te roppen ta rappe beslútfoarming yn de Fryske polityk.

(advertinsje)