Ein op It Amelân fêst yn tarre fan raande asfaltdyk

Ek de bisten ha te lijen ûnder de waarmte. Dit eintsje op It Amelân siet mei de poatsjes fêst yn it asfalt by Ballum.
© facebook RTZ & Dierenambulance Ameland
It asfalt is troch de waarmte hiel sêft wurden en raand. Ek de fearren sieten ûnder de tarre. Boppedat hie de ein toarst en wie er strest. De biste-ambulânse fan It Amelân koe it bistje nei in oere befrije. It asyl Fûgelpits by de Lauwersmar sil de ein waskje.
De ein yn Weistra op wei
Neffens de meiwurkers fan de biste-ambulânse hiene ek fytsers lêst fan it raande asfalt. Der rûnen allerhande spoaren fan fytsbannen oer de glêde dyk. It asfalt kin mei it hjoeddeistige waar wol 80 graden wurde. Om't de ein him ûnder it befrijen fersette, kamen ek de klean en skuon fan de meiwurkers ûnder de tarre te sitten. Dy binne fuortsmiten.
© facebook RTZ & Dierenambulance Ameland