Fan tongersdei ôf jildt in bereiningsferbod yn Fryslân

25 jul 2018 - 12:51

Wetterskip Fryslân komt mei maatregels om it driigjend wettertekoart troch drûchte tsjin te gean. Der komt mei yngong fan tongersdei in bereiningsferbod. Mei yngong fan moarns 8 oere is it ferbean om grûn- en oerflaktewetter te brûken foar it bereinen fan gerslannen. Oare gewaaksen as gers meie wol tusken 10 oere jûns en 8 oere moarns bereind wurde. Oertredingen fan it ferbod liede direkt ta in boete: 550 euro foar partikulieren en 1500 euro foar agraryske bedriuwen. It bereiningsferbod jildt noch net foar sportfjilden.

Drûchte - Foto: Omrop Fryslân

Marian Jager fan Wetterskip Fryslân

De fraach nei wetter is op it stuit grutter as it oanbod. Dêrom kin it wetterpeil net yn alle polders op hichte holden wurde. As it wettertekoart grutter wurdt, wurde de maatregels ek yngripender. Yn dat gefal jildt it ferbod ek foar alle gewaaksen. Dy meie no noch nachts tusken 22.00 oere en 8.00 oere bereind wurde.

Foto: ANP

As it ferbod útwreide wurdt, dan meldt it Wetterskip dat op de webside.

(advertinsje)
(advertinsje)