It nije Fryske bûsboekje leit yn de winkels

De 44e edysje fan it Fryske Bûsboekje 2019 leit yn 'e winkels. De ôfrûne wike is it boekje troch frijwilligers rûnom yn Fryslân ferspraat. Tema dit jier is 'famylje'. De seis finalisten, dy't op 6 juny meidiene oan it Grut Frysk Diktee, ha it bûsboekje tastjoerd krigen. De earste edysje fan it bûsboekje is dy fan 1976.
© www.busboekje.frl
Yn it begjin wie it Kristlik Frysk Selskip de útjouwer, tsjintwurdich is dat de Ried fan de Fryske Beweging. Fan it bûsboekje 2018 binne der goed 3400 stiks ferkocht. Sûnt de start binne der sawat 215.000 bûsboekjes ferkocht. Dêrmei is it bûsboekje neffens de Ried it bêst ferkochte Fryske boek.