Kuierje en winkelje populêr, mar argewaasje fan hege yntreeprizen
Kuierje en fytse yn de natuer binne de favorite útstapkes fan Friezen. Oare populêre wizen fan deibesteging binne in besite oan in stêd en winkelje. Dat docht bliken út it twajierlikse frijetiids- en kultuerûndersyk yn opdracht fan de BankGiro Loterij.
Oan it ûndersyk ha hast 2.000 minsken tusken de 18 en 75 jier meidien. Mear as de helte fan de Friezen is stikelich oer de hege yntreeprizen mei in útstapke. Drokte en smoarge huskes binne ek reden foar argewaasje. Friezen meitsje jierliks yn trochsneed trettjin útstapkes. "We soene dat graach faker dwaan wolle, mar de hege kosten hâlde ús tsjin", sizze in protte Friezen.
Fries Museum
Foar de kommende simmer steanne by in soad Friezen besites oan stêden, natuer, swimbad en strân op it programma. It Fries Museum is it meast favorite museum yn ús provinsje. In mearderheid fan de Friezen is grutsk op de útstapkes yn de eigen provinsje. We joue yn trochsneed 343 euro yn it jier út, dat is leger as it lanlik gemiddelde fan 416 euro.