Realisaasje nij Cambuurstadion tichterby: Friese Poort docht mei

25 jul 2018 - 11:17

ROC Friese Poort docht mei oan de realisaasje fan it WTC-gebiet en it Cambuurstadion. It opliedingssintrum hat der fertrouwen yn dat se op 1 july 2021 starte kinne mei de opliedingen yn it nije stadion. Friese Poort hat ôfspraken makke mei de Stadion Ontwikkeling Cambuur en de gemeente Ljouwert oer it heljen fan 1 july 2021 as uterste opleverdatum. Dielname fan Friese Poort is wichtich foar it trochgean fan de plannen.

Foto: Bureau voor Widdershoven architectuur en architecten BV

Cambuurdirekteur Ard de Graaf

Ofrûne freed soe Friese Poort dúdlikheid jaan. Dat is doe útsteld, mar no lykje de soargen dus fuort.

"Het belang van ons onderwijs, onze studenten en medewerkers staat altijd voorop", seit Remco Meijerink, foarsitter fan it kolleezje fan bestjoer. "Om die reden is het belangrijk dat we tijdig over geschikte huisvesting beschikken."

(advertinsje)
(advertinsje)