Gaswinbedriuw wol fergunning gaswinning yn Noardsee boppe Skiermûntseach

It gaswinbedriuw Oranje-Nassau Energie wol de gaswinning yn de Noardsee boppe Skiermûntseach mooglik trochsette. It bedriuw hat nei in slagge proefboarring in fergunning oanfrege. It bedriuw seit der wol by dat it noch net hielendal wis is dat der gas út de boaiem helle wurdt. Der wurdt noch ûndersyk dien nei hoefolle gas der yn de boaiem sit.
© RTV Noord, Jeroen Berkenbosch
Thom Verheul fan de wurkgroep Horizon Schiermonnikoog is teloarsteld. Hy hie tocht dat it boadskip fan it eilân, dêr't se fûl op de gaswinning tsjin binne, wol oankaam wie. De wurkgroep is bang foar fersmoarging, boaiemdelgong en oantaasting fan it Unesco wrâlderfgoed. De wurkgroep wol de fergunningoanfraach oanfjochtsje.