Kollum: "In mich"

25 jul 2018 - 07:53

"De meast risiko nimmende bisten bin Turkske toartels. Dy sitte rêstich op de dyk, sjogge sa no en dan wol in auto oankommen, mar dan fleane se net fuort. Dat dogge se pas as de auto tichtby is. Lêsten ried ik efter in stel wat âldere minsken, âlder as my bedoel ik, en dy remmen foar dy dowen. Krekt sa as je yn it foarjier mei oerstekkende einen dogge. Dy rinne troch. Dy do bleau rêstich trochpikken. It duorre in hiele tiid foardat dy lju yn 'e rekken hiene dat as se trochrieden, dy do wol opfleach. It swit stie har op de holle.

Eelke Lok - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Eelke Lok

De iennichste betingst foar dy dowen is, dat de dyk net asfaltearre wêze mei. De do moat in âlderwetske strjittedyk ha, want tusken de stienen sitte groeden en yn dy groeden hâlde michjes ta. Dy geane net op dy stientsjes lizzen, want dan wurde se deariden; michjes nimme net safolle risiko as fûgels. Mar fûgeltsjes binne slim, frette dy groeden leech en sa gean dy michjes dochs dea. Dowen binne it nammentlik net allinne. Jonge moskjes libje ek op strjitte. Dy hâlde pas op fan michjepikken as de foarbân fan de auto noch trije sintimeter fan har ferwidere is. Dan stekke se de tonge út en fleane fuort.

Dy michjes fine it hielendal net sa aardich dat se opfretten wurde. Dus wie der ien slim michje dat krûpte yn myn auto. Dat wie net inkeld in slim, mar ek in ferfelend michje. As je yn de auto stapten, hie der himsels ferstoppe. Hy kaam pas tefoarskyn as je goed en wol rieden. Ferfelend tefoarskyn. Hy gie op myn holle sitten. Ik flabbere mei de earms. Doe gie hy op de hân sittten wêrmei't ik it stjoer fêsthâld. Dat jokke. Dus ik sloech wer om my hinne. Sa gie dat de hiele rit troch. It is dan mei dit waar ek noch ferfelend dat je in koarte broek oan ha, dan kin sa'n mich fan de knibbels oant de ankels it swit weikôgje. Op it lêst bin ik mar stoppe. Sykje. Wêr bist kring. Mar dan sit mich earne ûnderyn de net brûkte jiskebak of sa; yn elk gefal net te finen. It sil foar it oare wol in sy west ha, want sy gie dêrnei daliks wer op my sitten, as wie ik har grutte leafde. Mar ik hie gjin ferlet fan fersierd wurde. Yrritant frommis.

Eartiids makken je in mich dea. Mar we moatte tsjintwurdich michjes yn libben litte, seit professor Theunis Piersma. Want dêrtroch kin de fûgels libje en as je dan de hiele predaasjeline trocheamelje kinne wy ek trochlibje. Dus je komme thús en je sette it rútsje iepen. In gewoane mich fljocht dêrtoch de frijheid yn. Dizze net. Se fleach net nei bûten, mar djipper de auto yn.

It lijen hat trije dagen duorre. De mich sliepte as ik net yn de auto ried. As ik de moter starte gie de airco oan en dat fûn sy orgastysk moai. Warber kaam se wer op my sitten. Ik yt nea yn de auto, en dus kin ik der ek net grieme. Dêr leit net in krûm iten yn. De mich hat trije dagen neat hân. Wêr libbe dat kring fan.

Doe ha'k de auto in kear delset, en stean litten mei de doar iepen. Nei in oere kaam ik wer werom en dêrnei ha 'k gjin lêst mear hân. Ik wie suver wat ûnwennich, mar wol tige tefreden. Want ik hie gjin mich dealsein.

Boeren meitsje in soad miggen dea. Se slaan miskien net, mar se smite fize rommel op harren greide en dêr gean miggen fan dea. Mar dêrom moat wy net lulk wurde op boeren. Want we meitsje sels ek in hoop michjes dea en oars dogge dy Turkske toartels dat wol.

De LC hie ferline wike in debat oer michjes en boeren. De nije haadredakteur fan de LC makke de dei dêrnei de balâns op fan dat debat. Neffens him moatte we gewoan mear betelje foar in pak molke en dan soenen boer en natoer it samar wer iens wêze. Leave Sander: it hat al hiel lang bliken dien, dat soks likemin seadden oan 'e dyk set as myn sparjen fan dat michje."

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(advertinsje)