Slûzen Turfrûte beheind betsjinne om wetter te besparjen

Yn ferbân mei de oanhâldende drûchte, mei as gefolch maatregels om wetter te besparjen, wurde de slûzen yn de Turfrûte mar beheind betsjinne.
Dat betsjut dat er safolle mooglik boaten tagelyk yn de kolk moatte en dat der, as it kin, yn konfoai fearn wurdt. Boatsjefarders moatte rekken hâlde mei langere wachttiden.
De maatregel jildt fan woansdeitemoarn healwei tsienen ôf.