Oprop oan boeren: "Set it lân ûnder wetter foar greidefûgels"

Boeren dy't de mooglikheden hawwe, moatte har lân ûnder wetter sette, om de greidefûgels te rêden. Dy oprop komt fan it Agrarysk Kollektyf Waadrâne. Dêrby binne yn it gebiet tusken Swarte Haan en de Lauwersmar sa'n 145 boeren oansletten, dy't greidefûgels op har lân stimulearje wolle.
© Omrop Fryslan, Jan Dirk de Haan
Troch de drûchte hawwe de greidefûgels it swier, sa ljochtet foarsitter Hans Kroodsma ta. "Troch it lân ûnder rinne te litten, kinne de fûgels der makliker mei harren snaffels yn prikke om fretten te finen. Boppedat wurdt it ynsektelibben stimulearre, dus is der mear te finen foar de fûgels."

Grut effekt

Jelte Bakker is boer tusken Raard en Lichtaard. Hy sette in stik greide by de Holwerter Feart ûnder wetter. Neffens him hie dat fuortendaliks in grut effekt. "It tilde hjir op fan de greidefûgels. Der wienen bygelyks mear as fjirtich ljippen. De fûgels hiene der blykber wol ferlet fan."
In reportaazje by boer Jelte Bakker by Lichtaard
It falt foar boeren noch net ta om oan de oprop te foldwaan. Fuort njonken it lân fan Jelte Bakker is de Holwerter Feart, dêr't it wetter sa heech stiet, dat hy allinnich in sko iepen hoecht te setten om it lân ûnderrinne te litten. Mar lang net alle boeren hawwe dat. Guon hawwe wol in pomp, mar faaks is de kapasiteit te lyts om it lân splis te setten.
Ek regels stean it foldwaan oan de oprop yn de wei. Boeren dy't yn de beneaming komme wolle foar de spesjale subsydzjepotten dy't der binne foar wiet lân, meie har lân net samar it hiele jier ûnder wetter sette. As uterste datum jildt offisjeel 15 juny.
"Wy hawwe al by de ynstânsje ynformearre oft der in útsûndering makke wurde kin, mar wy hawwe noch neat heard. Wy hoopje dat sy dit troch de fingers sjen wolle", seit Hans Kroodsma. Jelte Bakker hellet syn skouders op: "As wy op alle regels wachtsje moatte, dan kinne wy wol mei it greidefûgelbehear ophâlde."