Waarmte op it wurk, hielendal yn 'e snackbar

De waarmte nimt hieltyd mear ta yn Fryslân. Minsken sykje op alderhande plakken ferkuolling. Mar guon minsken kinne dat net: snackbarpersoniel bygelyks. Waarmte of gjin waarmte, ek by dizze temperatueren bestelle de minsken snacks en patat.
© ANP
En dan rint de temperatuer yn de keuken fan de snackbar al frij rap op nei sa'n fjirtich graden. Johanna wurket yn snackbar De Fuorman yn Hurdegaryp. Sy fielt de waarmte behoarlik, sa seit se. Se krijt earder lêst fan de fuotten en as it wurk der op sit, dan fielt se dat se mear lêst hat fan wurgens as by kâlder waar.
Nettsjinsteande smyt se mei alle fleurichheid de snacks en de patat yn de frituer, en besoarget se de bestelling op it terras. En, sy fynt har berop noch altyd leuk.
Ferslachjouwer Geert van Tuinen gie om in patatsje