Bereiningsferbod wetterskip liket tongersdei yn te gean

24 jul 2018 - 21:57

It oankundige ferbod op it bereinen mei grûn- of oerflaktewetter jildt nei alle gedachten fan tongersdei ôf. Dat meldt Wetterskip Fryslân, dat dêr woansdei in definityf beslút oer nimt.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

It ferbod sil dan yn earste ynstânsje jilde foar gerslân en treft boeren en partikulieren; foar iepenbiere sportfoarsjennings wurdt in útsûndering makke. Wa't betrape wurdt op it oertrêdzjen fan it ferbod kin rekkenje op in boete.

Utwreiding

It wetterskip warskôget dat it bereiningsferbod útwreide wurdt nei oare gewaaksen, as it tekoart oan oerflaktewetter fierder oprint.

(advertinsje)