Nederlânske froulju net nei heale finale EK ûnder 19

24 jul 2018 - 21:50

De Nederlânske froulju ûnder de 19 hawwe har net kwalifisearre foar de heale finale fan it EK fuotbal yn Switserlân. It team, mei dêryn ek Dayna Schra en Kerstin Casparij fan SC Hearrenfean, ferlear tiisdei mei 3-1 fan Denemarken. De earste twa wedstriden, tsjin Italië en Dútslân, hie Nederlân wol wûn.

Nederlân, Denemarken en Dútslân hiene nei trije wedstriden allegear seis punten, mar it doelsaldo fan de oare twa wie better. Dy lannen pleatse harren foar de heale finales, dy't freed spile wurde.

(advertinsje)