Gjin doelpunten yn duel Cambuur tsjin Jong Vitesse

24 jul 2018 - 21:24

Sportklup Cambuur hat tiisdeitejûn in lykspul behelle yn de oefenwedstriid tsjin Jong Vitesse. It duel, dat spile waard yn Epe, einige úteinlik yn 0-0.

Foto: Dijks Fotografie

Foar Cambuur hiene Daniels en Robertha yn de earste helte flinke kânsen, mar se koene dy net ôfmeitsje. Pas tsjin de ein fan it duel kaam Cambuur echt tichteby. In doelpunt fan Calor yn de 88ste minút waard ôfkard, om't Mathieu de bal noch oanrekke doe't er bûtenspul stie. Dêrmei bleau it yn Epe by 0-0.

Opstelling Cambuur: Mous (46. Bijdevier), Van Wermeskerken (60. Mbende), Steenvoorden (60. Van Deelen), Van Koesveld (60. Claver), Claver (36. Sambissa), Daniels (60. Ciganiks), Calor (46. Schils), Schilder (46. Van den Beemt), Kallon (60. Mathieu), Conraad (60. Rossi), Van Koppersluis (13. Robertha (81. Calor)).

(advertinsje)