UPDATE: Boskbrân by Appelskea is ûnder kontrôle

24 jul 2018 - 20:26

De brân yn de bosken om de Sanatoriumwei yn Appelskea hinne is ûnder kontrôle. De brânwâcht hie opskaald nei in grutte brân; dat wie om't der meardere brânkearnen wiene.

Foto: De Vries Media

Hoe't de brân krekt ûnstean koe, is net krekt dúdlik. De brânwacht hâldt rekken mei brânstichting. Om it fjoer út te meitsjen, wiene seis brânwachtauto's oproppen.

(advertinsje)