Ljouwert hat bysûnder skilderij fan de befrijing werom

24 jul 2018 - 19:49

Nei fiif lange, swiere besettingsjierren wiene de bewenners fan de Dronrijperstraat en de Midlumerstraat yn Ljouwert yn april 1945 hielendal út de skroeven doe't se seagen hoe't de Kanadezen mei harren tanks troch de stêd rôlen. In skilderij fan de tanks yn Ljouwert, makke troch skilder en fotograaf Sjoerd Andringa, wie in passend kado foar de befrijers, sa wie de gedachte.

Foto: Omrop Fryslân, Jan Dirk de Haan

Kommandant Sydney Radley-Walters naam it geskink mei leafde yn ûntfangst. Hy bewarre it sels persoanlik yn syn tank, doe't hy en syn mannen fierder oplutsen nei Grinslân en letter nei Leer, Emden en Wilhelmshaven. Doe't hy werom wie yn Kanada, hong it skilderij oan de muorre yn syn kantoar en yn syn hûs. Mar no, nei 73 jier, is it skilderij werom yn Ljouwert.

Ferslachjouwer Jan-Durk de Haan makke de folgjende reportaazje

Sydney Radley-Walters ferstoar yn 2015, op 95-jierrige leeftiid, en doe kamen syn bern it skilderij wer tsjin. "Wy fûnen dat it werom moast nei Ljouwert", seit Grant Radley-Walters, de soan fan de tankkommandant. "It kin de minsken oan it tinken sette oer de oarloch en de besetting." Hy naam kontakt op mei it histoarysk sintrum (HCL) yn Ljouwert, dat in plakje foar it skilderij socht hat yn 'e kelder fan it stedhûs yn Ljouwert.

Foto: Omrop Fryslân

Radley-Walters is sels yntusken 68 jier en moast koartlyn behannele wurde foar kanker. Mei syn bern en pakesizzers makket hy in reis troch Europa, om sjen te litten wêr't syn heit fochten hat. Tiisdei wiene sy allegear yn Ljouwert, foar de offisjele oerdracht fan it skilderij oan de gemeente Ljouwert.

Bern fan skilder

Wat sy net wisten, wie dat se dêr ek de bern fan de skilder treffe soene. "Wy fine it geweldich om harren te moetsjen", seit Grant Radley-Walters. De âldste soan fan de skilder - Frans Andringa - wit dat syn heit oan de ein fan de oarloch ûnderdûkt siet, by in boer. Om de kosten fan de ûnderdûk te beteljen, makke en ferkocht syn heit skilderijen. Fan de befrijing hat hy ek ferskate platen makke. "As gefolch fan de besetting wie der op dat stuit net folle te krijen, mar foar in skilderij fan de befrijing wie wol belangstelling", seit Andringa. Ek syn heit is frij resint ferstoarn. By it opromjen fan de talleaze foto's en skilderijen kaam in kopy fan it Kanadeeske skilderij foar it ljocht.

Untbleating

It skilderij mei it bysûndere ferhaal hinget tenei yn de kelder fan it stedhûs fan Ljouwert. Dêr wurde geregeld gearkomsten hâlden en foar de besikers is it dan te sjen. De offisjele ûntbleating waard dien troch lokoboargemaster Herwil van Gelder.

(advertinsje)