Gemeente komt dizze hjerst mei definitive oplossing Europaplein yn Ljouwert

24 jul 2018 - 18:07

De gemeente komt dizze hjerst mei in definitive oplossing foar it Europaplein yn Ljouwert, om foar te kommen dat auto's dêr oer de râne fan de rotonde ride. Dy definitive oplossing komt letter as ferwachte. Dat komt om't der in konstruksje spesjaal foar dit plak betocht wurde moast. Boppedat soarget de grutte fraach nei stiel foar in lange levertiid.

Oant it pleatsen fan de definitive kearing bliuwt de tydlike oplossing op it Europaplein stean. Dy bestiet út betonblokken, dy't pleatst waarden nei't der krekt nei it iepenjen fan it fernijde plein twa kear in auto fan it plein ried.

Trefwurden: 
Ljouwert Europaplein rotonde
(advertinsje)