Provinsje skat liening ECR op Kening State Frjentsjer frij

24 jul 2018 - 17:46

De provinsje skat in liening fan 2,5 miljoen euro oan de European Care Residences frij foar harren fêstiging Kening State yn Frjentsjer. Dit is fêstige op de lokaasje fan it eardere Grut Lankum, it âlde psychiatrysk sikehûs.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

De liening wurdt frijskat om in fallisemint fan ECR foar te kommen. It bedriuw is oernommen troch de Blueprintgroep, dy set de soarch yn Frjentsjer no troch. Foar de bewenners en personiel feroaret der neat.

Betingsten

It frijskatten fan de liening is wol ûnder betingsten. As de Blueprintgroep binnen tsien jier it pân yn Frjentsjer ferkeapet, krijt de provinsje de mearwearde fan de ferkeap. De Blueprintgroup hat oanjûn te ynvestearjen yn it kleaster fan Wytmarsum en it servotel yn Drachten.

(advertinsje)