Mear bedriuwen yn Noarden

05 nov 2011 - 09:07

Der komme hieltyd mear nije bedriuwen by yn it Noarden. Dit jier al 400 mear as yn 2010. Benammen minsken dy't dien krigen ha en jongeren begjinne foar har sels. Dat binne faak ienmansbedriuwen en dat soarget net foar in soad ekstra wurkgelegenheid. Dochs is de Keamer fan Keaphannel tefreden oer dat sifer.

Sneon is yn Ljouwert in startersdei fan de Keamer fan Keaphannel foar elk dy't in eigen bedriuw begjinne wol.

(advertinsje)
(advertinsje)