Lotting foar PC dit jier hielendal oars

24 jul 2018 - 17:06

De tariedingen fan de PC binne drok oan 'e gong. Foar de 165e kear sil it Sjûkelân yn Frjentsjer woansdei 1 augustus kompleet yn it ramt stean fan dizze wedstriid. Dit jier binne der ek tal fan oare keatswedstriden, mei ynternasjonale teams. Mar wat noch it meast feroaret is de lotting op moandei.

Yn stee fan de tradisjonele lotting, is der no in hiel muzykteäter omhinne boud, mei dêryn de offisjele lotting ferwurke. It moat in soarte fan oade oan it keatsen wurde. "Keatsen is mear as allinnich de sport. It is ek kultuer, mar foaral de belibbing fan de keatsleafhawwer", fertelt Bert Bonnema, foarsitter fan HEEDAAR!. Dizze organisaasje fersoarget de hiele keatswike.

De teksten en ferskes, dy't yn it stik foarkomme, binne fan Baukje Wytsma en Romke Toering. Peter van der Zwaag en Clara Rullmann ha ek lieten skreaun en de oare muzyk komponearre. Mei in koar fan acht minsken, in groep blazers en strikers, sille sy de muzyk live spylje mei it teäterstik.

Komponisten Peter van der Zwaag en Clara Rullmann - Foto: Jeroen Boersma, Omrop Fryslân

Behalve de PC, stiet der fan 30 july oant en mei 5 augustus noch folle mear op it programma. Moandeis om njoggen oere jûns begjint de lotting, mei it muzykteäter deromhinne. Tiisdeis wurdt der troch de froulju keatst mei de sachte bal, op it Riedhûsplein en de Foarstrjitte. Woansdeis sil de 165e PC spile wurde op it Sjûkelân.

Fan tongersdeis oant en mei sneon stiet Frjentsjer yn it ramt fan it Europeeske kampioenskip keatsen, mei ferskate dissiplinen. Under oare muorrekeatsen en it spektakulêre Llargues wurde op ferskate plakken yn 'e stêd spile. Sneins wurdt de keatswike ôfsletten mei de jongeswedstriid, as generale foar de Freule.

De lotting fan de PC is op moandeitejûn live te folgjen fan 21.00 oere ôf op Omropfryslan.nl en fia de Omrop-app.

Trefwurden: 
keatsen PC Frentsjer lotting
(advertinsje)