Noarsk bedriuw nei wetterkampus Ljouwert

Wetterkampus Wetsus yn Ljouwert hat der in nij bedriuw by. In Noarsk technologybedriuw hat koartlyn in fêstiging iepene yn Ljouwert. Oisann Engineering is in bedriuw dat spesjalisearre is yn it minder sâlt meitsjen fan wetter, mei it projekt Waterfountain.
It bedriuw wol dizze technyk yn Ljouwert fierder útwreidzje. Wetterkampus Fryslân ferwachtet dat de komst fan it bedriuw in behoarlike ympuls jaan kin oan de wurkgelegenheid en ekonomy yn ús regio.