AquaZoo hat minder besikers troch de hjitte

24 jul 2018 - 16:24

Bistetún AquaZoo by Ljouwert hat troch de hijtte lêst fan minder besikers. Foaral yn 'e middei binne der dúdlik minder minsken te finen yn it park as yn deselfde periode foarich jier. Dêrom geane de doarren fan it park dizze wike moarns in oere earder iepen. Ek moat dit foar de bistefersoargers it wurk yn de brânende sinne wat makliker meitsje.

De bisten hawwe net bot te lijen fan it waarme waar. Der is genôch skaad yn de ferbliuwen en in soad bisten kinne ek noch in dûk nimme yn it wetter, sa seit manager Jeroen Loomeijer. Om se dochs in bytsje te ferwennen, krije se sa no en dan wol iisko's mei fruit of fisk deryn.

Foto: Omrop Fryslân
Trefwurden: 
Ljouwert Aquazoo bistetún
(advertinsje)