Undernimmer komt mei nije metoade skjinmeitsjen sinnepanielen

24 jul 2018 - 15:41

Sinnepanielen wurde dizze simmer optimaal brûkt mei in rekôrtal sinne-oeren. It ûnderhâld fan de panielen ferget wol in spesjale oanpak. Foar de partikulier mei in pear panielen is dat net sa yngewikkeld, mar foar pleatsen en bedriuwen mei in hiel soad panielen is dat in oar ferhaal.

Foto: ANP

Ype Hemstra fan Bûtenpost hat no in spesjale wize ynfierd, yn gearwurking mei in Dútsk bedriuw en dat kin in grut sukses wurde, neffens de ûndernimmer út Bûtenpost. It bedriuw út Dútslân dêr't Hemstra mei gearwurket, is al jierren spesjalist yn it skjinmeitsjen fan sinnepanielen.

Temperatuer en oplossing

Fan belang by it skjinmeitsjen fan dy panielen is de temperatuer fan it wetter (sa'n 53 graden) en in gemyske oplossing dy't der foar soarget dat de kalk dy't yn it wetter sit net op de panielen sitten bliuwt. Hemstra tinkt dat de Dútske metoade ek yn ús lân in sukses wurde sil.

Ternaard

Tiisdeitemoarn binne op in pleats yn Ternaard de earste 1030 sinnepanielen op dizze wize skjinmakke. Sinnepanielen moatte om de trije jier goed skjinmakke wurde.

(advertinsje)
(advertinsje)