Fries by brân yn Grikelân: "Skrokken fan de boskbrannen, mar noch gjin grutte panyk"
De 21-jierrige Maurice Paulusma fan Drachten hat moandeitejûn spannende mominten belibbe op syn fakânsjeadres yn Grikelân. Hy sit mei seis freonen yn in hûs tichtby de boskbrannen yn it lân. Dêrby binne al seker sechstich minsken om it libben kaam.
Maurice wie op it strân fan Mati doe't it begûn te waaien en se grutte reekwolken seagen. "Dan skrikst wol even", seit Maurice. "Wy seagen in hiele donkere loft. De brân liket fier fuort, dus dan tinke je dat it wol wat tafalt. Mar doe't wy boppe-op de berch stiene dêr't ús filla stiet, seagen wy dat it in bêste brân wie. Dan tinke je der dochs oars oer nei."
Evakuaasje
De ferhierder fan it fakânsjehúske kaam dêrnei del. Dy sei dat se in koffer mei harren belangrykste guod pakke moasten en dat se better nei Athene gean koenen om ôf te wachtsjen hoe't it mei de brân komme soe. Omdat it dêrnei begûn te reinen, binne se úteinlik net fuort setten. Yn de nacht seagen se wol in oranje gloed en in soad reek. Ek yn harren eigen keamer fernamen se dat: "Doe't ik fannemoarn wekker waard, hinge der in bêste reeklucht yn 'e keamer, wylst it fjoer tolve kilometer fuort is. Mar it kin hiel snel gean."
Maurice en syn freonen hawwe it advys fan de húsbaas opfolge. "Wy hawwe in lyts kofferke klear stean mei in ûnderbroek, in shirtsje en sokken foar it gefal wy evakuearje moatte. Mar der is noch net sa'n grutte panyk dat wy no direkt fuort moatte."
De freonegroep is noch net fan doel om werom nei Fryslân te kommen. Se bliuwe yn Grikelân sa lang as dat kin, mar hâlde de situaasje wol skerp yn de gaten.