Gjin straf foar belutsenheid by deadlik frachtweinûngelok yn Wilhelminaoord

24 jul 2018 - 15:23

In 33-jierrige frachtweinsjauffeur út Fryske Peallen giet frijút nei in deadlike oanriding yn Wilhelminaoord. Dêrby kaam in 81-jierrige frou om it libben. Neffens de rjochtbank yn Assen falt de frachtweinsjauffeur strafrjochtlik neat te ferwiten.

De man ried yn febrewaris 2016 efterút; dêrby kaam de frou ûnder de auto en ferstoar se op it plak sels. Neffens de rjochtbank koe de man de frou net sjen. Boppedat ried er stadich en hie se tiid genôch om oan de kant te gean.

(advertinsje)
(advertinsje)