Gjin akkoart oer CAO plysje, aksjes gean foarearst troch

24 jul 2018 - 14:28

Plysjeminsken gean foarearst troch mei it fieren fan aksje. Har bûnen binne tiisdei net akkoart gien mei in leanbod fan sân prosint. Mei dat bod kamen minister Ferd Grapperhaus en korpssjef Erik Akerboom. De bûnen binne der lykwols swier teloarsteld oer. Neist de leansferheging fan sân prosint oant en mei 2020 waard der ek in ienmalige útkearing fan 500 euro yn 2019 bean.

Foto: ANP

De plysjeminsken gean dus troch mei har aksje. Woansdei bygelyks, as minister Grapperhaus in besite bringt oan in opliedingssintrum fan de plysje yn Seelân. Yn ús provinsje dielden plysjes de ôfrûne tiid minder bekeurings út.

Trefwurden: 
plysje CAO
(advertinsje)