Ekstra maatregelen by Paardendagen Driezum-Wâlterswâld

De organisaasje fan de Paardendagen yn Driezum-Wâlterswâld komt fanwege it waarme waar mei ekstra maatregelen by de Hynstemaraton en de Boeredei. Neffens de organisaasje stiet it wolwêzen fan minsken en bisten foarop. Om dy reden is de maksimumsnelheid fan de maratonrûte oanpast.
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
Dêrneist wurdt der in ekstra rêstpunt ynlaske en sil it besteande rêstpunt ferpleatst wurde nei in plak mei in soad skaad. Ek sille der ekstra wetterpunten by de rûte del komme en wurde de hynders en ponnys ekstra neisjoen troch feedokters.
De Paardendagen begjinne tongersdei. Hoewol't de temperatueren foar de Boeredei op sneon wat minder heech binne, soarget de organisaasje ek dan foar ekstra maatregelen, lykas ekstra wetterpunten. Sjoch hjir hoe't de organisaasje har tariedt op de Paardendagen.