Fisken yn need troch temin soerstof yn it waarme wetter

Sportfiskerij Fryslân ropt gemeenten op om harren fivers en puollen better te ûnderhâlden. Der sit faak tefolle slyk yn. Fanwege it waarme waar reitsje fisken yn need, omdat der temin soerstof yn it wetter sit. It kalamiteiteteam fan sportfiskerij Fryslân set yn gearwurking mei Wetterskip Fryslân rêdingsaksjes op tou.
Tamme Smit fan sportfiskerij Fryslân mjit soerstof yn it wetter © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Moandei kaam it team yn aksje yn Surhústerfean en Ljouwert. By sporthal it Kealledykje yn Ljouwert wie it doe al te let. Dêr is fisk romme en tiisdei wurdt dêr it wetter ferfarske, sadat der mear soerstof yn it wetter komt.
Foeke Visser fan Sportvisserij Fryslân oer de deade fisken