FIDEO: Hoe befalt de fontein fan Frjentsjer?

01 aug 2018 - 06:59

Tsien fan de alve fonteinen yn de Fryske alve stêden binne ôfrûne maitiid oanset. Hoe giet it no? Wurde se massaal besocht? Wat fynt eltsenien der fan? Omrop Fryslân giet se allegearre by del en siket it út.

Woansdei binne we yn Frjentsjer by de fontein ''De Oortwolk'' fan de Franske keunstner Jean-Michel Othoniel. De fontein stiet op de Breedeplaats, dy't foar de gelegenheid hielendal opknapt is.

(advertinsje)
(advertinsje)