ANBO: ''Hjitteplan RIVM is oerdreaun''

Sûnensynstitút RIVM oerdriuwt troch nei in pear waarme simmerdagen fuortendaliks in hjitteplan út de kast te heljen, seit âldereinorganisaasje ANBO. "Al dy panykferhalen, it is dochs logysk dat je hjoed gjin winterjas oanlûke", seit in wurdfierder. It RIVM aktivearre moandei it Nasjonale Hjitteplan, mei tips om koel te bliuwen mei dizze tropyske dagen.
© Omrop Fryslân
Neffens de ANBO witte de profesjonele fersoargers yn fersoargingshuzen al lang wat se mei dit waarme waar dwaan moatte. "En âlderein hat ek wol faker waarme simmers meimakke." Dat it Reade Krus by fersoargingshuzen delgiet om de âlderen te wizen op de gefaren fan de hjitte, is neffens it bûn dan ek folslein oerstallich.