Ballonfeesten De Jouwer past programma troch de waarmte oan

De organisaasje fan de Fryske Ballonfeesten op 'e Jouwer hat it programma foar de kommende edysje fanwege de hjitte oanpast. De start fan it útwreide programma is troch de waarmte pas om fjouwer oere middeis. Dat is dien om't de grutste waarmte tusken 12 en 4 oere middeis is.
© Martin de Jong
Dêrneist komt der in ekstra punt dêr't besikers wetter krije kinne. De 33e edysje fan de Ballonfeesten, mei 35 dielnimmers, begjint woansdei en duorret oant en mei snein. Mear ynformaasje is te finen op: www.ballonfeesten.nl.