WestCord Hotels fiert jubileum mei Delfts Blauwe kofjekopkes

WestCord Hotels fan de Flylanner hoareka-ûndernimmer Harry Westers bestiet 50 jier en bringt dêrom in eigen kofjeservys út, dat makke wurdt troch de Delftske ierdewurkfabrikant Royal Delft. It fabryk fiert sels ek in jubileum, want it bestiet 365 jier.
© WestCord Hotels/Hein Athmer
It diggelguod sil brûkt wurde yn de restaurants en kafees fan WestCord en yn Bakkerij Westers, it kofjekonsept fan WestCord Hotels. It hotel hat it oer Delfts Blauw yn in modern jaske.
WestCord hat 15 hotels, ferspraat oer it hiele lân, yn ûnder oare Ljouwert en op de Waadeilannen Flylân, Skylge en It Amelân. Yn 2020 iepenet it bedriuw in nij hotel yn it sintrum fan Grins.