Tom Dumoulin nei Profronde Surhústerfean

24 jul 2018 - 11:13

Hurdfytser Tom Dumoulin sil nije wike tiisdei meidwaan oan de 37e edysje fan de Profronde fan Surhústerfean. Foarsitter Albert Helfrich fan de organisaasje is bliid: ''We ha in topper yn hûs'', seit hy. Dumoulin wûn de Feanster Profronde ferline jier.

Foto: orange-pictures.nl

Foarsitter Albert Helfrich

Earder waard al bekend dat Bauke Mollema en Tom Jelte Slagter nei Surhústerfean komme. De organisaasje is noch dwaande om de winner fan de Tour de France binnen te heljen, mar de striid om it giel yn Frankryk is op it stuit noch folop dwaande.

(advertinsje)