Kollum: "Pisje yn de boskjes"

24 jul 2018 - 07:28

"Wy wiene dizze maaitiid yn Italië. Acht wiken lang. Wy ha ús appartemint yn Den Haach ferkocht en de bern geane noch net nei skoalle. Dus frijheid, blijheid.
Dus wy nei Italië. Kampeare tusken de babyboomers. Ien belangrike tip foar as jo ek nei Italië te kampearen sille dizze simmer: nim jo eigen húske mei. En altyd in wc-rôle, it leafst yn sa'n haakt hoeske foar de sjeu, op de huoddeplanke foar as je in goed boskje tsjin komme. Want Italië en sanitêr: folslein hopeleas. Je hurkje noch leaver yn de boskjes.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke Sietsma

Yn saneamde tabacchio's, dêr't de lokale mienskip har pensjoen fergokt, kofjedrinkt en fuotbal sjocht, mar ek yn de wat gruttere kofjebars: noait in bril, noait wc-papier. Ek yn de wat sjikere trattoria's, sis mar tradisjonele ytkafees: selden in bril. Sjippe: al hielendal noait. En Italië mei dan it lân fan de bambini wêze, Italianen fine bern geweldich en fan ús twa blonde dinkjes makken se graach foto's en sels filmkes mar in ferskjinromte: net ien kear.
As we dan op 'en paad wienen, nei in moai stedsje fol bysûndere arsjitektuer en keunst - want dêr bin Italianen dus wol hiel goed yn - moasten de pjutten bûten mei de bleate billen op in jas lizze, poepgat omheech. Soms gewoan op strjitte. Of yn de bernewein. Bêst in karweike as de poep op de rêch sit, pardon my French.

Mar bêste Italianen, hoe poepe jim eins? Jimme prachtige, deftige Italiaanske froulju? Sweefjend boppe de toiletpot sûnder bril? Hurkjend mei bilspieren fan staal? Of jim poepe gewoan net? Ha jim standaard wc-papier yn de hântas en lizze jim dat op de pot? Ik tink dat Italianen it ynhâlde en it thús dogge en noait lêst ha fan spastyske termen, mar it bliuwt in mystearje.

Op de kempings op Sicilië wie it net echt folle better. De wc's wiene altyd wol netsjes, mar ek dêr inkeld ris in bril. En de dûsen wiene meastentiids wol waarm, mar dan die it ljocht it wer net. Stean je dêr yn it tsjuster te sykjen nei de sjampo dy't ûnderyn de tas sit, wylst je al ûnder de straal stean.

In kemping yn it suden fan Sicilië, tichtby it prachtige fiskersdoarpke Marzamemi, spande de kroan. Der wie fansels gjin wc-papier of sjippe yn de hokken. Mar it ljocht die it ek net. En dat waskhok wie bêst wol tsjuster. It heakje foar je handoek yn de dûs hong sa ticht by de doar, dat as ik allinnich al in ûnderbroek oan it heakje hong, de doar fan binnen út net mear ticht woe. Logysk. Dus moast ik my yn it hok útklaaie, en neaken de klean troch de doar mikke.

De bern stonken yntusken ek as murden, want ús bern ha in hekel oan de dûs en bernesanitêr is allinnich te finen op kempings mei polsbantsjes en bernedisko's.

Jo begripe dat we om ien ding hiel bliid wiene dat we wer thús wiene. We ha de wc-bril fan freugde omearme en oeren yn de tobbe lein.

Goeie fakânsje!"

Nynke Sietsma is freelance sjoernaliste foar ferskate kranten en tydskriften. Nynke is hikke en tein yn De Rottefalle, mar wennet no yn Den Haach. Har kollums geane oer it deistich libben of wat har ek mar ferwûnderet.

Trefwurden: 
De Toan fan Nynke Sietsma
(advertinsje)
(advertinsje)