Mûne Surhústerfean kin aanst amper mear draaie troch nijbou

24 jul 2018 - 07:13

Nôtmûne Koartwâld fan Surhústerfean kin skielk amper mear draaie troch nijbou. Alteast, dêr is it bestjoer fan de stichting De Feanster Moune benaud foar.

Foarsitter Jan Benedictus fan stichting De Feanster Moune - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Jan Benedictus fan stichting De Feanster Moune

Der binne plannen foar nijbou yn it gebiet súdwestlik fan de mûne. De gemeente Achtkarspelen soe fan doel wêze it bestimmingsplan dêr sa oan te passen dat der oant alve meter heech boud wurde mei. As dat bart, komt de mûne geregeld yn 'e lijte sadat er net draaie kin sa't it moat.

De stichting wol no dat de gemeente rekken hâldt mei de saneamde mûne-biotoop en yn it bestimmingsplan sân meter as maksimale bouhichte opnimt. De mûne draait, njonken de wyn, op in grut tal entûsjaste frijwilligers en der binne sels plannen foar útwreiding mei in ûntfangstromte foar gasten.

(advertinsje)