Enerzjy út metaangas

05 nov 2011 - 09:10

Vitens makket in ein oan de grutte útstjit fan broeikasgassen by it wetterpompstasjon fan Spannenburch, by Tsjerkgaast. De útstjit wie heech troch it metaangas dat frijkomt by de suvering fan it wetter. Dit metaangas wol Vitens no opslaan en der enerzjy fan meitsje.

Hjirtroch krijt Vitens in leger enerzjyferbrûk en wurdt de útstjit fan broeikasgassen fermindere mei sa'n 30 prosint. Dat is te ferlykjen mei de útstjit fan 7500 auto's.

(advertinsje)
(advertinsje)