Hege temperatueren koartsje boerebrulloft op De Jouwer yn

23 jul 2018 - 22:47

It middeisprogramma fan de boerebrulloft op De Jouwer giet woansdei net troch. Neffens de organisaasje is it net ferantwurde de minsken en de hynders oan de hjitte bleat te stellen.

Boerebrulloft - Foto: Omrop Fryslân

De organisaasje hat dit besletten nei oerlis mei Veiligheidsregio Fryslân, de gemeente De Fryske Marren en de plysje. It ynkoarte programma begjint no om 10.00 oere mei it defilee. Om 11.00 oere set de brulloft útein en ôfslutend kin der oant 13.00 oere iten wurde. Dêrnei is it dien.

Nasjonaal Hjitteplan

Dêrmei folget de organisaasje foar in grut part it advys fan it Nasjonaal Hjitteplan. Yn dit plan stiet dat minsken tusken 12.00 oere en 16.00 oere út de sinne bliuwe moatte.

Neist it oanpassen fan it programma binne ek de klean en de omstannichheden oanpast. Sa hawwe de dielnimmers simmertenu's oan en wurde der ekstra skaadplakken makke.

Trefwurden: 
De Jouwer boerebrulloft
(advertinsje)