Mollema en Slagter fan Tour de France nei Surhústerfean

23 jul 2018 - 22:10

Bauke Mollema en Tom Jelte Slagter dogge nije wike tiisdei mei oan de Profronde fan Surhústerfean. Dit hat de organisaasje fan it evenemint moandeitejûn bekendmakke.

F.l.n.r.: Chris Froome, Bauke Mollema en Tom Jelte Slagter - Foto: www.orange-pictures.nl

It binne de earste nammen dy't bekendmakke binne. Doel is om de kommende dagen noch in oantal grutte nammen op de startlist te setten. Sa wol de organisaasje yn elk gefal noch de winner fan de Tour de France binnenhelje, mar de striid om it giel yn Frankryk is op it stuit noch folop dwaande.

(advertinsje)