Pau bedarret by oerstekken op A7 yn foarkant auto

23 jul 2018 - 21:56

In opmerklik ûngelok moandeitejûn op de A7 by Drachten. In auto botste dêr rûn healwei achten frontaal tsjin in pau. It bist oerlibbe de klap net.

Pau yn auto - Foto: De Vries Media

Wat de pau op de autodyk die is net dúdlik, mar nei alle gedachten besocht de fûgel nei de oare kant te kommen. De pau kaam dêrby yn de gril fan de auto telâne. De auto, dy't rjochting It Hearrenfean ried, wie sa bot skansearre dat er fuortsleept wurde moast.

Trefwurden: 
A7 pau
(advertinsje)
(advertinsje)