Paralympysk kampioene Norbruis hâldt op mei wedstriden op 'e dyk

23 jul 2018 - 21:09

Alyda Norbruis hâldt op mei fytsen op de dyk. Fanwege fysike maleur moat de 29-jierrige hurdfytster út Oerterp har programma rjochting de Paralympyske Spelen fan Tokio yn 2020 oanpasse.

Alyda Norbruis - Foto: www.orange-pictures.nl

It giet om in fernauwing yn de slachier fan har ljisk. Se is dêr al twa kear oan operearre en hat ek in ljiskbreuk hân. Dêrom wolle de dokters net dat se op dizze wize trochgiet. Se kin op de baan wol trochgean op de 500 meter tiidrit. Yn Rio de Janeiro helle se op dat ûnderdiel goud.

Flinke domper

"Ik ha wol efkes flink yn de put sitten, ja", fertelt Norbruis. "Mar ik wol net dat minsken tinke dat it foar my oer is of der neat mear mooglik is. Earst hie ik de smoar yn, mar no tink ik wer yn mooglikheden. Ik kin noch hieltyd myn wurk en hobby kombinearje en oan topsport dwaan."

De wrâldkampioenskippen paracycling yn Italië folgjende wike slacht Norbruis oer. Tristan Bangma docht wol mei oan it WK, dat plakfynt fan 2 oant en mei 5 augustus.

(advertinsje)