Fryske brânwacht set út foarsoarch ekstra wetter klear

23 jul 2018 - 20:16

De brânwacht hat op ferskate plakken yn Fryslân ekstra wetter delsetten om dat by brân brûke te kinnen om te dwêsten. Troch de drûchte is der op guon plakken yn de provinsje net genôch oerflaktewetter beskikber en dus nimt de brânwacht foarsoarchsmaatregels.

Brânwachtauto - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Henk Schuin fan de brânwacht

Sa is der bygelyks op Skylge in ekstra tankwein fol wetter delsetten en is op Flylân in sânkontener mei wetter folle. De brânwacht kriget boppedat in soad stipe fan leanbedriuwen, dy't mei it each op eventuele kalamiteiten ek ekstra wetter klearsetten ha.

Eigen inisjatyf

Neffens wurdfierder Henk Schuin fan de brânwacht dogge se dat faak op eigen inisjatyf. "Het is hulp die we goed kunnen gebruiken. De verdamping zorgt op sommige plekken voor het droogvallen van het oppervlaktewater waardoor wij niet langer kunnen blussen in die gebieden, zonder dat we zelf water meenemen."

Trefwurden: 
brânwacht wetter drûchte
(advertinsje)